Eloise hat Frysk bloed

© Omrop Fryslân
It museum Warkums Erfskip hat ta gelegenens fan de berte fan Eloise, it earste bern fan prins Constatijn en Laurentien, in spesjale útstalling ynrjochte. Dy giet oer de Warkumer foarâlden fan Petra Laurentien Brinkhorst.
De oerbeppe fan Laurentien waard yn 1878 yn Warkum berne. Har famyljenamme wie Troste. Eloise, dy't dus ek in bytsje Frysk is, waard sneon berne.