Maleur Fryslân Faart ferholpen

08 jun 2002 - 00:00

Ferromming by de organisaasje fan Fryslân Faart. De kraan dy't yn de skoarstien moat, sit wer kreas te plak. Earder dizze wike bruts er ôf doe't se ûnder de Swettebrêge trochfearen.

De kraan is nedich om de skoarstien út te skowen. It gefaarte is ornearre as publykslûker by it boate-evenemint. Yn in grutte optocht farre de skippen fan Dokkum nei De Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)