Bedriuwen op doarpen ek stypje
Undernimmers yn doarpen moatte ek jild krije fan de provinsje. Dat seit Douma, foarsitter fan de ûndernimmersferiening yn Wommels. Dêr wie sneon in iepen dei mei sechstich bedriuwen.
Binnen tsien jier tiid binne tritich lytse bedriuwen yn Wommels begûn. Dat toant oan dat net inkeld bedriuwen bestean kinne yn de yndustrygebieten dy't wol subsydzje krije.