AZC Kollum komt oan Loréwei
Mei in dúdlike mearderheid fan tsien stimmen foar en fiif tsjin hat de ried fan Kollumerlân ynstimd mei de bou fan in azc foar 250 minsken oan de Willem Loréwei. Foar deselde lokaasje wie trije jier lyn noch gjin draachflak.
Yn 1999 rûn in ynformaasjejûn oer it nije azc út 'e hân. It plan lei doe tige gefoelich fanwege de moard op Marianne Vaatstra.