Keunstners litte har opslute

© Omrop Fryslân
De keunstners Anne Feddema, Marten Winters en Euf Lindeboom litte har dizze simmer in wike opslute yn in seal fan it Frysk Museum. Se hawwe dan gjin inkeld kontakt mei de bûtenwrâld. Nei dy wike wurdt it makke wurk útstald.
De aksje bart yn it ramt fan de útstalling oer Fransiscus van Assisi. Dy hat as doel te kommen ta in debat oer de funksje fan keunst en musea.