Doek falt dochs foar feemerk

06 jun 2002 - 00:00

De feemerk yn Ljouwert moat dochs ticht omdat de provinsje fersomme hat de ynvestearrings yn de feemerk troch te jaan oan de Europeeske Kommisje. Deputearre Bijman miende begjin dit jier noch dat dat net nedich wie.

Gefolch is dat de ferplichte oerkaping by it laad- en losplak foar fee en de oerkaping boppe it skjinmakplak foar auto's net klear binne foar 1 july.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)