Nij gebou CJIB iepene

© Omrop Fryslân
Minister Korthals fan Justysje wol dit jier noch mear boetes foar ferkears- oertredings útdiele. De minister fynt dat de automobilist him noch net genôch oan benammen de snelheidslimiten hâldt.
Korthals sei dat woansdei by de iepening fan it nije gebou fan it CJIB. Dat gebou, Marnix State, stiet oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert. Ek keninginne Beatrix wie by de iepening.