Ekonomy Noarden groeit noch

© Omrop Fryslân
De ekonomy fan Noard-Nederlân groeit, ek al falt dat lanlik ôf. Ut ûndersyk docht bliken dat de ôfnimmende ekonomy yn it Noarden wol te fernimmen is, mar minder as yn de rest fan it lân.
Op dit stuit sit 4,6 prosint fan de Fryske beropsbefolking sûnder baan. De groei yn it noarden sit him benammen yn de eksport, de saaklike tsjinstfer- liening en it tal froulju dat wurket.