Dongeradieler doarpen krije jild
Dongeradiel stelt goed 450.000 euro beskikber om sân doarpen yn de gemeente op te knappen. It binne Foudgum, Hantumhuzen, Moarre, Nes, Ie, Ingwierrum en Peazens/Moddergat. De bewenners ha sels plannen yntsjinne. It giet foaral oer de ynrjochting fan it grien.
De gemeente hat in spesjaal fûns foar oanpak fan wiken en doarpen. Foar 2009 moat elk oan bar west ha.