Treinen binne smoarch
De treinen binne smoarch, dat fine de reizgers fan NoordNed. Dat wie ien fan de klachten dy't it ferfiersbedriuw te hearren krige by de debatjûn. Al in pear jier organisearret Noordned debatten mei in klantepanel.
Al binne in soad problemen oplost dochs kin de ynformaasjefoarsjenning better, fine de reizgers. Der is foaral ûndúdlikheid as treinen of bussen útfalle.