Fraude by begraffenisferiening

04 jun 2002 - 00:00

In begraffenisferiening moat iepenheid fan saken jaan oer it fraudeskandaal fan in pear wiken lyn. Doarpsbelang Bûtenpost fynt dat de leden der rjocht op ha. De ponghâlder hat fraudearre en dêrtroch is de feriening yn swier waar kaam.

It is ûndúdlik hoe grut de skea is. By in bysûndere ledegearkomste kin ferantwurding fan it bestjoer easke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)