Maatjesprojekt yn Fryslân
De ôfdieling Jeugdsoarch fan de plysje Fryslân begjint ynkoarten mei in maatjesprojekt. Doel dêrfan is om probleemgedrach by jongerein tusken de 12 en 20 jier foar te kommen.
It giet om jeugd dy't nij is yn de omjouwing en fan wa't de skoalsifers minder wurde. It maatjesprojekt moat foar har in triuwke yn de rêch wêze om út de problemen te bliuwen.