Kalamiteiteplan foar seehûnen

© Omrop Fryslân
It ministearje fan Lânbou makket in kalamiteiteplan foar it gefal dat it seehûnefirus yn it Nederlânske Waadgebiet opdûkt. Yn Denemarken en Sweden binne de ôfrûne tiid hûnderten bisten ferstoarn fanwege it firus.
Neffens it ministearje fan Lânbou is it net mooglik om alle 5000 bisten yn te intsjen. Seehûne-opfang Ecomare op Texel sil 20 bisten út foarsoarch ynintsje.