Undernimmer hat nocht fan agint
De Ljouwerter ûndernimmer Van der Wal fielt him bedrige troch in motoragint. Hy wol in oanklacht yntsjinje tsjin de plysjeman.
Neffens Van der Wal krije syn klanten hieltyd ûnterjocht parkearboetes en hat de agint it persoanlik op him foarsjoen. De plysje stelt dat de klanten de regels oertrede en dat op fersyk fan omwenjenden ekstra kontrolearre wurdt.