Rydfeardichheid teste by CBR

02 jun 2002 - 00:00

It CBR bestiet 75 jier. By dy gelegenheid hâlden de festigingen yn Ljouwert, Grins en Assen sneon iepen dei. Sa'n 200 minsken ha har rydfeardichheid teste litten. Fan dy groep krigen 14 automobilisten in ûnfoldwaande.

Fan de 240 minsken dy't it teory-eksamen dienen hellen 180 it net. Foar it rydbewiis hie it gjin gefolgen, om't de dielnimmers de test frijwillich makken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)