Skyldpod ferstoppet him

31 maaie 2002 - 00:00

It Frysk Natuermuseum is in seldsume skyldpod kwyt. Dat wol sizze, it bist is der noch wol, mar wêr presys...? Hy moat yn de fiver fan it museum sitte, en hat him wierskynlik yngroeven op 'e boaiem.

De skyldpod is tiisdei brocht troch in muskusrottefanger. Dy hie it bist fan in heale meter fûn by Deinum. It museum tinkt dat it in trijeklauskyldpod is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)