Himpenserbrêge wurdt Oxena Brids

31 maaie 2002 - 00:00

De brêge oer de Nauwe Greuns yn Himpens krijt in nije namme: Oxena Brids. Dat is âld-Frysk foar Oksebrêge. De brêge hie oant no ta gjin offisjele namme, mar waard troch de doarpsynwenners Himpenserbrêge neamd.

De strjitnammekommisje keas foar Oxena Brids om't dy der yn de Midsieuwen ek al wie. Ek steane der twa okse-hoarnen yn de doarpsflagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)