Earst bouwe, dan fergunning
Autospuiterij Sipma yn Ingwierrum hoecht de yllegale útwreiding net ôf te brekken. It bedriuw boude in pear jier ferlyn by sûnder fergunning, mar de gemeente Dongeradiel kart it no dochs goed.
Omwenners sizze lykwols lêst te hawwen fan stjonkerij en leven. Hja kinne beswier meitsje tsjin de fergunning dy't de gemeente ôfjûn hat.