Jongerein wol Sfinks iepenhâlde

© Omrop Fryslân
De jongerein fan It Hearrenfean wol besykje kultureel jongerensintrum De Sfinks iepen te hâlden. Begjin juny sil se by in gearkomste fan in riedskommisje protestearje.
De gemeente wol besunigje op De Sfinks. Dêrtroch stiet de takomst fan it sintrum faai. De direksje is benaud dat in eventuele sluting ta oerlêst op strjitte liede sil.