UR kaugomfabryk tsjin ferhuzing

30 maaie 2002 - 00:00

De ûndernimmingsried fan kaugomfabrikant RBV Leaf yn Amsterdam freget de rjochter in mooglik ferhuzing fan it bedriuw nei Snits tsjin te hâlden. De direksje wol ferhúzje om't it fabryk yn Amsterdam slim ferâldere is. Nijbou yn Snits soe goedkeaper wêze. De ûndernimmingsried neamt dy berekkeningen oerdreaun.

Troch de ferhuzing soene 65 wurknimmers dien krije. Der kinne 100 nei Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)