Poezijrûte mei útwreidzje

29 maaie 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert hat tastimming jûn foar de útwreiding fan de poezijrûte troch de haadstêd. Der meie yn totaal maksimaal 50 stiennen lizze. Oant no ta binne dat der 23. Dêr steane gedichten fan Fryske dichters op.

De poezijrûte is begûn mei tsien gedichten as ôfskiedskado foar âld- boargemaster Te Loo. Fan 't hjerst komme der seis nije stiennen by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)