Trije nije spilers foar Cambuur

29 maaie 2002 - 00:00

Cambuur hat foar it kommende seizoen trije nije spilers oanlutsen. It giet om Harvey Bischop en Lionel Lord, beide fan SC Hearrenfean en Peter Mentink fan FC Twente.

Bischop is in middenfjilder, Lionel Lord is in linksbûten. Sy hearden net by de seleksje fan it earste alvetal fan Hearrenfean. Mentink is sintrale ferdigener fan FC Twente 2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)