Skylge besjocht besluten opnij

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Skylge hat tiisdei jild beskikber steld om twa besluten dy't de foarige ried naam hat, opnij te besjen. It giet om de bou fan 150 wen- ten yn Midslân en in nij gemeentehûs.
De gemeenteried fan no wol minder huzen delsette en it besteande gemeentehûs belûke yn de nijbouplannen. Foar it op 'e nij besjen fan de plannen is 110.000 euro útlutsen.