Noch gjin jild foar mkz-skea

29 maaie 2002 - 00:00

Minsken en bedriuwen dy't skea hân ha fan de tongblierkrisis, krije foarearst gjin jild. Gjin skeafergoeding út Brussel en ek noch gjin jild út it needfûns fan de provinsje. Brussel wol earst mear opheldering oer dit needfûns.

Yn it slimste gefal ferbiedt Brussel útbeteljen út it needfûns en dan krije dupearren gjin sint. It giet om boeren, feehannelers en transportbedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)