Gjin gefaar sûnens Aldlân-East

29 maaie 2002 - 00:00

Yn de lucht yn de wyk Aldlân-East sitte gjin gefaarlike stoffen en der is gjin gefaar foar de folkssûnens. Dy ûnder- syksútslach is tiisdei presintearre oan de bewenners fan de Ljouwerter wenwyk.

It luchtûndersyk is dien nei oanlieding fan de grûnfersmoarging yn Aldlân-East. Yn it ferline is de grûn dêr saneard, mar koartlyn is dochs noch in te hege konsintraasje benzeen yn 'e grûn fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)