Seldsume tsjokpoat yn Fryslân

© Omrop Fryslân
In seldsume fûgel is tiisdei by de opfang yn Oerterp brocht. It giet om in tsjokpoat, oftewol in griel. De fûgel is yn in greide by Drachten fûn. Hy is ferwûne en moat in moanne rêste. Sûnt de jierren fyftich is de briedfûgel út Nederlân ferdwûn.
Hoe't it bist hjir telâne kommen is, is net dúdlik. Mooglik is de fûgel út Ingelân troch de wyn yn Fryslân kommen.