Tsjûgen frege fan oanranding

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in oanranding dy't ferline wike freed yn Ljouwert wie. In jonge fan 16 jier frege in frou fan 80 jier doe op it Hoeksterend hoe let oft it wie. Dêrnei betaaste er har en hie goar praat. Hy woe ek de beurs ôfpakke, mar dat slagge net.
De jonge is útnaaid. Minsken dy't dit foarfal sjoen hawwe, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.