Trio Van Tuinen wint yn Wergea

© Omrop Fryslân
It frijeformaasjekeatsen haadklasse manlju is sneon yn Wergea wûn troch it partoer Piter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar. Yn de finale wûnen se mei 5-1 en 6-6 fan it trio Johannes Dykstra, Sake Porte en Auke vd Graaf.
Nei Frjentsjer en Sint Anne wie it al wer de tredde oerwinning dit jier foar it partoer Van Tuinen. Tred waard it partoer fan Klaas Anne Terpstra.