Nije sekretaris Waddenried

© Omrop Fryslân
De Waddenadvysried yn Ljouwert hat in nije sekretaris. It giet om Jacoba Westinga, dy't oant no ta plakfer- fangend sekretaris wie fan de advysried.
Oant foar koart wie Anita Andriessen sekretaris fan de Waddenadvysried. Sy is lykwols oanwiisd as opfolger fan deputearre Heldoorn. De Waddenadvysried jout wichtige advizen oan de regearing oer takomst en behear fan de Waadsee.