Friezen op WK shorttrack

08 mrt 2012 - 17:31

Yn Shanghai meitsje de Fryske shorttrackriders Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma harren klear foar it wrâldkampioenskip fan kommend wykein. De mannen binne ûnderdiel fan de Nederlânske ploech. Boppedat docht Knegt mei oan it yndividuele toernoai. Der binne goeie kânsen op medaljes.

Sjinkie Knegt waard ein jannewaris Europeesk kampioen en hopet ek yn Shanghai op in goed resultaat. Daan Breeuwsma sit yn de ôflossingsploech en dy is yn foarm, it wurdt dan ek in spannend wykein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)