Paal 8 moat leger
De nijbou fan hotel Paal 8 op Skylge kin trochgean. Wol moat it hotel folle leger wurde as de foarstelde santjin meter. Dat hat de Steatsrie freed besletten.
De orizjinele bouhichte is in te grutte oantaasting fan it dúnlânskip, sa fynt de Steatsrie. Paal 8 wol útwreidzje fan 80 bêden nei 250. Omwenjenden ha dêr beswier tsjin.