Gjin risiko by ferwurking BSE

24 maaie 2002 - 00:00

De risiko's foar de folkssûnens troch it ferwurkjen fan mei BSE-besmette bisten by Rendac binne nihil. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it RIVM. De resultaten waarden tongersdei presintearre.

Omwenjenden fan destruksjefabryk Rendac yn Sumar hiene oantrúnd op it ûndersyk. Se wiene ûngerêst oer de útstjit fan it skealike aaiwyt prion. Dat kin de sykte fan Creutzfeld-Jakob feroarsaakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)