Regels opsteld foar tinktekens

© Omrop Fryslân
Neibesteanden fan ferkearsslachtoffers meie yn de takomst foar de perioade fan fiif jier in tinkteken op it plak fan it ûngelok pleatse. Dat hat de provinsje opnaam yn in nije nota foar it behear fan de provinsjale diken.
Der binne ek regels opsteld foar it formaat fan de tinktekens. Sa mei in krús bygelyks net heger wêze as 60 sentimeter.