Bert Middel wegeret lintsje

© Omrop Fryslân
PvdA-er Bert Middel fan Kollum hat woansdei by syn ôfskie fan de Twadde Keamer in lintsje wegere. Middel soe yn oanmerking komme foar it Ridderskip yn de oarder fan Oranje Nassau, omdat er mear as 10 jier yn de Keamer sitten hat.
Hy is it der net mei iens dat folksfertsjintwurdigers nei tsien jier automatysk in lintsje krije. Dat wylst frijwilligers foardroegen wurde moatte.