Ynbraak by doweferiening

23 maaie 2002 - 00:00

Doweferiening Gevleugelde Vrienden út Twizelerheide sit mei de hannen yn it hier. By in ynbraak woansdeitejûn is de kompjûter stellen mei dêryn alle gegevens fan de bisten. De dieven ha fierder foar 2250 euro oan guod stellen.

De feriening wie net fersekere om't de alarmynstallaasje te djoer wie. No komt der neist in nije kompjûter ek in ynbraakprevinsjesysteem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)