Undúdlikheid oer tongblierfûns

© Omrop Fryslân
De advyskommisje foar it tongblierfûns is beneamd. Wannear't de oanfragen yntsjinne wurde kinne is lykwols noch net bekend. De regeling is foar ûndernimmers en organisaasjes dy't skea hân ha fan de tongblierkrisis. Der is seis miljoen euro beskikber.
De provinsje is akkoart mei de regeling. De Europeeske Uny hat noch gjin tastimming jûn.