Poiesz komt mei sydsichtkamera

© Omrop Fryslân
Supermerkketen Poiesz hat as ien fan de earsten yn Nederlân harren frachtweinen útrist mei in saneamde sydsichtkamera. De kamera is in lúkse, noch feiliger fariant op de deadehoekespegel, dy't ferplichte wurdt foar frachtweinen.
Wichtich ferskil mei de deadehoekespegel is dat de bline hoeke folslein ôfdutsen wurdt. Dêrtroch komme lytsere objekten, lykas bern, ek yn byld.