'Horkelijn' op proef yn Fryslân
De Fryske plysje hat plannen foar in saneamde 'horkelijn'. Plysjeminsken dy't yn har frije tiid ûnbeskoft ferkearsgedrach sjogge, kinne hjir hinne belje om it troch te jaan. Dit 'horkegedrach' bliuwt no faak sûnder gefolgen.
In proef mei de horkelijn yn Gelderlân is sa goed oanslein, dat nei de fakânsje yn de regio Snits ek in proef hâlden wurdt.