Soad toeristen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It toerisme yn Fryslân hat neat te kleien oer it ôfrûne Pinksterwykein. De akkommodaaasjes wienen allegear poerbêst beset. Yn ferliking mei twa jier lyn lei it tsien prosint heger. It Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme ferliket net mei foarich jier om't it byld doe oars wie fanwegen de tongblier.
Foaral it ferskaat oan aktiviteiten hat tal fan besikers lutsen.