Pinksterfeest lûkt protte folk

© Omrop Fryslân
Sawat 30.000 leauwigen wiene dit wykein op it tradisjonele Pinksterfeest yn Feankleaster. Keppele oan de fiering is in sendingsmanifestaasje.
It feest sette sneontejûn út ein mei in sjongjûn. Dêr kamen al tûzen minsken op ôf. Fierders wiene der iepenlofttsjerketsjinsten. Ek liet in trichtichtal keunstners harren op de Bibel ynspirearre wurk sjen.