Wolvegea hat wer in draai-oargel

© Omrop Fryslân
Wolvegea hat syn draai-oargel werom. Yn oare plakken is dat miskien gjin grut nijs, mar yn it haadplak fan Weststellingwerf is dat oars. Mear as 5000 ynwenners binne donateur en sy ha meibetelle oan de grutte restauraasje fan it oargel en oan in nije auto.
Yn totaal is der 90.000 euro byien brocht. De eardere auto en it oargel waarden folslein fernield by in ûngelok.