Tariedings fytsalvestêdetocht

18 maaie 2002 - 00:00

Boalsert is klear foar de fytsalvestêdetocht fan Pinkstermoandei. Sneon waard de lêste hân lein oan de tariedings. It wie dit jier wol dreech om genôch frijwilligers te finen. Neffens de foarsitter komt dat omdat de tocht ferline jier net trochgie fanwege de tongblier.

In part fan de dielnimmers kaam sneon ek al yn aksje. Doe waard de tritichste mini-alvestêdetocht oer 40 km hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)