Boukavels Suderbuorren ferkocht

18 maaie 2002 - 00:00

Alle frije boukavels yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren binne freed, op ien nei, ferkocht. De gemeente hat de gemeentlike kavels ferlotte. 45 fan de 46 kavels waarden ferkocht. Yn totaal hiene 55 minsken har ynskreaun.

De kavels lizze oan it wetter en hearre by de twadde fase fan it nijbouplan oan de súdkant fan de stêd. De prizen leine tusken 90.000 en 222.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)