Gjin beheining mokselfiskerij

© Omrop Fryslân
Steatssiktaris Faber fan Natuerbeheer wol gjin maatregels nimme om de mokselen kokkelfiskerij op it Waad te beheinen. De Waadferiening hie dêr om frege, om't dy tinkt dat de stjerte fan eidereinen te krijen hat mei te min moksels en kokkels.
Neffens Faber is dat ferbân net dúdlik. Sy wol earst ûndersykje litte oft de stjerte net komt troch in darmparasyt.