Gjin huzen yn Bullepolder

17 maaie 2002 - 00:00

Ljouwert mei foarearst net bouwe yn de Bullepolder. Dat bepaalde de Ried fan Steat freed. Doarpsbelang Lekkum en miljeudefinsje Ljouwert hiene in proseduere oanspand.

Neffens de rjochter hat de gemeente him net oan de regels holden. It streek- en struktuerplan is net oanpast, der is net sjoen nei de gefolgen foar de fûgels en der binne genôch alternativen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)