Jonge komt om by bedriuwsûngemak

17 maaie 2002 - 00:00

In 15-jierrige jonge út Sint Nyk is tongersdei om it libben kaam op in boupleats yn Schagen, Noard-Hollân. Hy rûn staazje by de bou fan in trije-heech flat.

It slachtoffer krige in fallend kezyn op 'e holle. It kezyn foel fan de tredde ferdjipping. De jonge stie op 'e twadde ferdjipping nei ûnderen te sjen. Twa oare mannen rekken licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)