Huizinga (CU) dochs yn 'e Keamer

17 maaie 2002 - 00:00

Tineke Huizinga (42) fan It Hearrenfean komt dochs yn de Twadde Keamer foar de ChristenUnie. Nei alle gedachten hat se genôch foarkarstimmen om yn de Keamer keazen te wurden. Dat giet ten koste fan Van Middelkoop dy't al 13 jier yn de Twadde Keamer sit.

De CU gie by de ferkiezings werom fan 5 nei 4 sitten. Frou Huizinga stie as earste frou op nûmer 7.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)