Snelheidskontrôle op N381

© Omrop Fryslân
By it buorskip Klein Groningen op de N381 is tongersdei begûn mei in trajektkontrôlesysteem. Oer in kilometer wurdt de snelheid fan auto's kontrolearre. Dêrnei wurdt de trochsneed faasje berekkene.
Ynwenners fan it buorskip hienen om ferkearsmaatregels frege. Se ha in soad oerlêst. Mooglik wurdt op oare plakken yn Fryslân dizze kontrôle ek ynfierd.