Dramatysk ferlies PvdA

© Omrop Fryslân
De Partij van de Arbeid hat ek yn Fryslân dramatysk ferlern yn de bekende 'reade bolwurken'. Yn Ljouwert sakke de PvdA fan 38,1 nei 22,7%, yn Boarnsterhim fan 41,9 nei 27%.
Yn Hearrenfean gie de PvdA fan 39,7 nei 25,6% en yn Opsterlân fan 36,6 nei 23,7%. De Fryske PvdA-Keamerleden Middel en Van der Hoek komme net werom yn 'e Twadde Keamer.