LPF skoart 12,5 prosint

15 maaie 2002 - 00:00

De Lijst Pim Fortuyn en it CDA binne ek yn Fryslân de grutte winners fan 'e Twadde-Keamerferkiezings. It CDA skoarde yn Fryslân dúdlik boppe it lanlike trochsneed. As it oan de kiezers yn Fryslân leit, soe it CDA boppe de fyftich keamersitten útkomme.

LPF skoarde yn Fryslân wer minder as yn 'e Rânestêd: 12,5%, en dat soe goed wêze foar sawat achttjin sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)